Premjêre berne-musical oer Gysbert Japicx

De berne-musical "Master Gysbert, inkele reis Sabeare" wurdt tiisdei foar it earst fertoand yn de Broeretsjerke yn Boalsert. De musical is ûnderdiel fan de aktiviteiten yn it ramt fan it 350e betinkingsjier fan Gysbert Japicx, skoalmaster en dichter út Boalsert. Japicx (1603-1666) hat derfoar soarge dat it Frysk wer brûkt waard foar serieuze literatuer en lei sa de basis foar it skreaune Frysk.
De musical wurdt twa wiken lang fertoand oan 2.000 bern fan basisskoallen yn Fryslân.
Taal ferbynt
It boadskip fan de foarstelling is dat taal ferbynt. Sa wurdt der Nederlânsk, Frysk en Ingelsk praat en is der in meartalich liet dêr't ek de skoallebern op oefene hawwe.
Yn novimber wurdt der noch in trijetalige dokumintêre oer Gysbert Japicx útstjoerd op Omrop Fryslân en NPO.