"SC Hearrenfean yn sterkste opstelling tsjin De Graafschap"

Sportklup Hearrenfean sil yn in sa'n sterk mooglike opstelling oantrede yn de bekerwedstriid tsjin De Graafschap. Dat sei trainer Jurgen Streppel nei ôfrin fan de lêste training foar it bekerduel, tiidsdeitejûn mei 'de Superboeren'.
Dochs is it mar de fraach oft Streppel in berop dwaan kin op basisspiler Sam Larsson. Efter syn namme stean grutte fraachtekens. Luciano Slagveer liket syn meast logyske ferfanger. Ferdigener Joost van Aken komt troch syn blessuere yn alle gefallen net yn aksje.
Shay Facey ferfangt Van Aken. De hierling fan Manchester City waard fan it fjild stjoerd yn de lêste wedstriid tsjin Roda JC, mar is net skorst foar de beker.
Tsjinstanner De Graafschap stiet op it achtste plak yn de Jupiler League mei acht punten út tsien wedstriden. De wedstriid yn it Abe Lenstra Stadion begjint om 20:45 oere, Omrop Fryslân docht wiidweidich ferslach fan de bekerwedstriden yn in ekstra sportprogramma op de radio.