"Fryslân moat him oanslute by Groningen Airport Eelde"

De provinsje Fryslân moat him oanslute by Groningen Airport Eelde. Dy oprop die Jacques Tichelaar, kommissaris van de kening yn Drinte by de oankomst fan de earste flecht út Kopenhagen.
Provinsjale steaten fan Fryslân wegeren yn juny noch elke stipe oan it fleanfjild. Tichelaar hopet dat Fryslân der no dochs jild yn stekke wol. "Twintig procent van de gebruikers van Groningen Airport Eelde is Fries", seit Tichelaar.
"Daarnaast is Leeuwarden in 2018 de Culturele Hoofdstad van Europa. Dan komen er heel veel internationale gasten naar Friesland. Wat is er nu mooier dan dat zij via Groningen Airport komen?", sa seit Tichelaar.