Noppert hat him pleatst foar WK-darts Lakeside yn 2017

19 sep 2016 - 19:04

Darter Danny Noppert is as tredde pleatst foar it Lakeside World Darts Championship fan 2017. De 25-jierrige Jouster wie troch syn goede prestaasjes fan de lêste moannen yn prinsipe al wis fan dielname oan it offisjeuze wrâldkampioenskip darts, dat yn de Lakeside Country Club yn it Ingelske Frimley Green hâlden wurdt.

It ôfrûne wykein behelle Noppert de achtste finales fan it British Open, wêrmei't er nei it tredde plak fan de BDO-ranking klommen is.

Foar Noppert wurdt it syn debút op it Lakeside-toernoai, dan fan 7 oant en mei 15 jannewaris 2017 spile wurdt. Foar de winner fan it kampioenskip lizze 100.000 Britske pûnen klear.

Rick Hofstra fan Snits wie oant no ta de iennige Fries dy't meidien hat oan de Lakeside. Hofstra spile fjouwer kear op it toernoai: yn 2004, 2005, 2014 en 2015. Yn 2014 helle er de kwartfinale. Hy ferlear doe fan de lettere winner, Stephen Bunting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)