Boargemaster Mansveld nimt soargen asylsikers Burgum serieus

19 sep 2016 - 18:11
  • Boargemaster Wilma Mansveld fan Tytsjerksteradiel

"De rêst is werom yn it azc fan Burgum." Dat seit boargemaster Mansveld dy't in lang petear hân hat mei in groep fan tachtich bewenners. Mansveld hat tasein dat se soargen fan de bewenners oankaarte sil by de ynstânsjes.

Freed wie der opskuor by it azc Burgum. Bewenners rekken bot oerstjoer doe't in húshâlding útset wurde soe. Dêrby rekke in man ferwûne. Mansveld seit dat de minsken harren realisearje wat der bard is en dat se tasein hawwe de tried wer op te pakken.

Meiwurkers fan It Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers hawwe fan 't wykein ek praat mei de minsken. Dêrby wie benammen omtinken foar de bern. De feilichheid fan dy groep stiet ek by Mansveld foarop. De bewenners fan it azc seine freed dat se benaud binne foar it momint dat se sels oan bar binne om útset te wurden.

Yn it azc fan Burgum wenje asylsikers dy't útprosedearre binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)