Tal besikers AquaZoo nimt bot ta, no al 100.000

19 sep 2016 - 18:02

AquaZoo hat de 100.000e besiker fan dit jier wolkom hjitten. Dat wie in mylpeal foar de dieretún, want ferline jier kamen der oer it hiele jier 81.000 minsken. De groei komt ûnder oare trochdat der wer mear groepen komme. It giet om bern dy't der harren jierdeisfeestje fiere, of soarchynstellingen dy't mei kliïnten nei AquaZoo gean.

De dieretún is noch hieltiten oan it fernijen. Takom jier wurdt bygelyks de binnenromte hielendal opknapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)