"Winnen in eigen land, dat maakt het wel mooi"

19 sep 2016 - 17:55

Hurdfytser Dylan Groenewegen is tige wiis mei syn winst yn de Eneco Tour. Moandeitemiddei kaam hy nei in hektyske massasprint as earste oer de finish. Benammen dat er de etappe hjir yn Nederlân wint fynt de hurdfytser moai: "Het is een World Tour koers in eigen land, als Nederlandse World Tour ploech dan wil je hem winnen en nu lukt het gelijk in de eerste etappe, dus dat maakt het wel heel mooi."

Toppers

It wiene net de minste nammen dêr't Groenewegen it tsjinop nimme moast yn de einsprint: Kittel, Greipel, Sagan, "De beste sprinters in de wereld doen mee, om ze dan te kloppen dat is dan leuk," sa sei Groenewegen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)