Boeren wolle fan 'beskerme doarpsgesicht' Biltdiken ôf

19 sep 2016 - 17:51

De Biltdiken moatte ôf fan it predikaat beskerme doarpgesicht. Dat hat in groep boeren en oare minsken mei grûn dêr yn de streek moandei sein tsjin de Ried fan Steat. Se binne benaud dat se yn de takomst neat mear meie, as de regels strenger wurde.

Neffens de boeren is it foar it behâld fan de typyske lintbebouwing net nedich om it lân oan de Biltdiken sa swier te beskermjen. De iepenheid fan it lân bliuwt wol, omdat it sa'n grut gebiet is, sizze de boeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)