Syktocht nei geheime tunnel fan pleats nei tsjerke

19 sep 2016 - 17:41
  • De tsjerke fan Terkaple

By de restauraasje fan de tsjerke fan Terkaple wurdt ek socht om in bysûndere mids-uwske tunnel. Al jierren wurdt sein dat der in gong is fan de njonkenlizzende pleats nei de tsjerke. Dat soe in flechtwei west hawwe foar de ridders en soldaten dy't earder op de pleats wennen. Mar bewiis foar de tunnel is der net.

Yn de 19-iuwske tsjerke binne de rike famyljes Oenema en Roorda begroeven.

No't de grêven foar it earst licht wurde, komt de hoop foar Jelle van der Leij wat tichterby. Hy wennet op de pleats en seit dat der earder ek wol socht is nei in tunnel, mar noch nea binne de grêven omheechhelle.

De tsjerke wurdt restaurearre om't it fûnemint net mear goed is. Der binne ek in soad fersakkings wêrtroch't der skuorren yn de muorren sitte. De tsjerke krijt in nije flier, sûnder fêste tsjerkebankjes, sadat der tsjerke ek te brûken is as konsertseal, dûnsstudio oft fergaderromte. Ferwachte wurdt dat de restauraasje mei de krystdagen klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)