SC Cambuur nei de amateurs

Yn de twadde ronde fan it nasjonale bekertoernoai spilet Cambuur tiisdei de útwedstriid tsjin FC Rijnvogels. Rijnvogels is in fúzjeploech út Katwyk Binnen en spilet yn de sneons-tredde-difyzje. Dat is deselde difyzje as wêryn't ONS Snits en Harkemase Boys aktyf binne.
Rijnvogels stiet yn dy kompetysje ûnderoan. Foar Cambuur is it mooglik in moaie wedstriid om de desespje fan ôfrûne freed te ferwurkjen. Doe ferlearen de Ljouwerters mei 3-0 fan Fortuna Sittard. De wedstriid yn Katwyk begjint al om fiif oere.