Hoe, wat, wêrom? Oktoberfest!

19 sep 2016 - 17:25

De simmerhitte is noch mar krekt it lân út of it is alwer tiid foar de earste echte hjersteveneminten. It is de tiid fan de Oktoberfeesten, oftewol Oktoberfest yn it Dútsk. It tradisjonele Münchner feest wurdt hieltyd populêrder yn Fryslân, en de kommende moanne binne der rûnom yn de provinsje Fryske farianten fan it Dútske feest te belibjen. Mar wat is it Oktoberfest no eins, wêr komt it wei, en hoe moatst as goede Oktoberfestgonger no nei sa'n bierfeest ta?

Histoarje

It Oktoberfest begjint altyd op de earste sneon nei 15 septimber (dit jier dus ôfrûne sneon 17 septimber) en duorret oant de earste snein fan oktober (2 oktober yn dit gefal). De measte Fryske Oktoberfesten slaan de planke wat de datum oanbelanget dus behoarlik mis. Allinnich yn Menaam en Kollum hawwe se harren Oktoberfest yn de tradisjonele Oktoberfesttiid pland.

It Oktoberfest is dit jier alwer 206 jier âld. De earste oanlieding foar it grutte bierfeest wie yn oktober 1810, doe't de kroanprins fan Beieren Lodewijk van Beieren yn it houliksboatsje stapte mei Theresia van Saksen-Hildburghausen. It houliksfeest dat hjirop folge op de Theresienwiese, de greide fan Theresia, hat úteinlik de start west fan in jierrenlange feesttradysje.

Wat moat ik oan hawwe nei it Oktoberfest?

Alles leuk en aardich mei sa'n grut feest, mar by in écht Oktoberfest heart fansels in dresscode. Der wurdt fan dy ferwachte datst net samar yn in spikerbroek mei in leuk T-shirt opdaagjen komst. Foar sawol de manlju as de froulju binne der regels.

Manlju

Foar de manlju binne dy as folget:

  • Lederhosen
  • Wite boesgroen, of boesgroen mei rutepatroan (mei sawol koarte as lange mouwen hawwe)
  • Lange wite of grize sokken
  • Hoed mei in fear

Ast as man in echt stel lederhosen hawwe wolst dan moast der wol wat sinten foar oan de kant lizze. In gemiddeld pear lederhosen komt út op sa'n 1200 euro. Mar gelokkich binne der yn Fryslân ek in tal winkels dy't nepperts ferkeapje dy't in stik goedkeaper binne.

Froulju

Foar de froulju binne dy as folget:

  • Dirndl, in tradisjonele jurk mei in skelk dêr oerhinne
  • Boesgroen ûnder de jurk
  • Platte skuon of skuon mei lege hakken
  • Wite sokken oant de knibbels of in panty yn hûdskleur

Ek de froulju binne behoarlik wat jild kwyt. In echte dirndl, dy't yn Dútslân rûnom ferkocht wurdt yn spesjale Oktoberfest-winkels (dy't it hele jier troch iepen binne), kostje ek al gau mear as tûzen euro. En dan hawwe wy it noch net iens hân oer alle accessoires dy't der fansels noch bykomme.

Wêr yn Fryslân?

It Oktoberfest wurdt al in tal jierren op ferskate plakken yn Fryslân fierd, en ek dit jier steane der rûnom yn de provinsje grutte tinten mei tafels en bierpullen klear. Wêr krekt? Dat hawwe wy foar dy útsocht. Foar safier bekend kinst yn dizze plakken de kommende wiken oan it bier:

Wat is it Oktoberfest krekt?

De echte orizjinele Oktoberfesten yn de provinsje, bygelyks dy yn Ljouwert en Kollum, fine plak yn grutte tinten. Krekt lykas yn München kinst hjir mei in groep minsken in tafel boeke, om gesellich mei-inoar bier te drinken. Op de muzyklist steane fansels benammen Dútsktalige schlagerhits. It bier wurdt dronken út in Maßkrug (in bierglês mei in ynhâld fan 1 liter).

En as je it echt offisjeel dwaan wolle dan soene de boargemasters fan de gemeenten dêr't in Oktoberfest hâlden wurdt eins delkomme moatte om de earste pull fol te jitten. Yn München wurde dan de ferneamde wurden 'O'zapft is!' sein, wat 'It bier is tape!' betsjut. Miskien dat der noch in kreative boargemaster is dy't dêr in moaie Fryske oersetting foar betinke kin. Tsjoch!

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)