Flyby as earebetoan oan delstoart fleantúch yn Iselmar

19 sep 2016 - 16:35
  • De Lancaster fleant oer it plak dêr't it Poalske fleantúch yn 1941 delstoarte

De bemanning fan it oarlochsfleantúch dat de ôfrûne wiken burgen is yn de Iselmar, hat moandeitemiddei in spesjaal earbetoan krigen. In Lancaster-bommewerper fan de RAF fleach trije kear oer it plak dêr't it fleantúch yn 1941 delstoarte. It fleantúch mei Poalske bemanning waard út de loft sketten troch de Dútsers.

Foar de berging fan de bommewerper waard in stikje Iselmar drûchlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)