GrienLinks en CU lilk oer útsetting azc Burgum

19 sep 2016 - 14:03

De fraksjes fan GrienLinks en ChristenUnie yn de gemeente Tytsjerksteradiel binne lilk oer de wize wêrop't in Afgaansk gesin ôfrûne freed útset is út it azc fan Burgum. De heit woe net útset wurde. By syn protest brûkte in meiwurker fan de Dienst Terugkeer en Vertrek in stroomstjitwapen. De man foel dêrtroch fan 'e trep en rekke ferwûne.

GrienLinks en CU fine dizze wize fan útsetten net humaan, lykas it feit dat bern yn it azc hjir tsjûge fan wiene. Se freegje it kolleezje fan Tytsjerksteradiel om opheldering oer de útsetting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)