Stellen bibel út 1714 foar even werom yn Britsum

19 sep 2016 - 12:41

De histoaryske bibel dy't fyftjin jier lyn stellen waard út de tsjerke fan Britsum, hat snein efkes útfanhûs west nei it plak dêr't er eins thús heart: de tsjerke fan Britsum. Fan 't simmer dûkte de stellen bibel út 1714 nei fyftjin jier op yn Alkmaar en waard doe oerdroegen oan de eigener: de stifting Alde Fryske Tsjerken.

De bibel, ea oanbean troch de famylje Burmania, is lykwols te kostber om definityf yn de ûnbehearde tsjerke lizze te litten. Mooglik wurdt it Fries Museum de nije bestimming.

Sy sille ek sjen sil oft de bibel restaurearre wurde kin. It sulverbeslach is ûnsaakkundich poetst wêrtroch't ek it lear oantaast is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)