Wurk oan de brêgen by Boalsert en De Jouwer

19 sep 2016 - 12:14

De Krúswetterbrêge yn de A7 by Boalsert is yn de nacht fan freed op sneon ôfsluten foar it autoferkear. In wike letter, yn de nacht fan 28 op 29 septimber, is de Skarsterrynbrêge yn de A6 by Sint Nyk oan de beurt. Rykswettersteat moat de kwaliteit fan de brêgen teste. De A7 wurdt tusken jûns 10 en nachts 3 oere ôfsluten tusken de ôfritten Boalsert en Boalsert-East yn beide rjochtingen.

De A6 is tusken de rotonde by De Jouwer en de ôfrit Sint Nyk ticht tusken 11 oere jûns en 4 oere moarns. De bypass fan Snits nei De Lemmer is dan ek ôfsluten. Ferkear wurdt yn beide gefallen omlaat.

Trefwurden: 
ferkear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)