Nije haadsponsoaren foar kuorbalklup LDODK

19 sep 2016 - 12:06

Kuorbalklup LDODK hat fjouwer nije haadsponsoaren. It giet om moadewinkel Rinsma Fashion, supermerk Albert Heijn op De Gordyk, boubedriuw Fijn Wonen fan Van Wijnen, en wynferkeaper wijnvoordeel.nl.

Foarsitter Gouke de Vries fan LDODK is grutsk dat fjouwer lokale bedriuwen harren foar de kommende fjouwer jier oan de kuorbalklup ferbûn hawwe. "Daar spreekt vertrouwen uit," sa seit er op de klupwebside.

De pleatslike Albert Heijn wie al langer sponsor fan LDODK, en is bliid dat der no ek oare bedriuwen harren oansletten hawwe.

Trefwurden: 
LDODK kuorbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)