Rêst weromkeard yn azc Burgum

© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Yn it asylsikerssintrum yn Burgum is de rêst weromkeard. Dat seit Alet Bouwmeester fan it COA, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers. It ôfrûne wykein is der mei de bewenners praat oer de situaasje dy't freed ûntstie. De útsetting fan in Afgaanske man soarge doe foar in soad protest by de bewenners fan it azc. De man foel fan de trep doe't er ophelle waard en rekke ferwûne. In groep fan 60 oant 70 asylsikers gie nei it gemeentehûs om ferhaal te heljen by boargemaster Wilma Mansveld fan Tytsjerksteradiel.
GGZ-ynstelling
Benammen foar de bern yn it azc is der noch ekstra tiid en oandacht om oer ien en oar te praten, seit de wurdfierder fan it COA. Hoe't it no is mei de Afgaanske man wit se net. De man wist út te naaien út it sikehûs, mei it operaasjehimd noch oan. Letter waard er weromfûn en waard er nei in GGZ-ynstelling brocht. Hy hat yntusken wer kontakt hân mei syn frou en bern, dy't no yn it azc yn Emmen sitte. Dat is krekt as Burgum in lokaasje dêr't útprosedearde gesinnen wenje.
Boargemaster Mansveld sil moandeitemiddei wer op besite by it azc yn Burgum.