Schippers: Soarch yn Noardeast-Fryslân is garandearre

Minister Edith Schippers fan Folkssûnens © ANP
De kontinuïteit fan de soarch yn Dokkum en omkriten is net yn it geding. Dat skriuwt minister Edith Schippers yn antwurd op fragen út de Twadde Keamer oer it stopsetten fan de kontrakten fan soarchfersekerder De Friesland mei Sionsberg 2.0.
Schippers folget de saak en ''betreurt'' de ûntsteane situaasje en de ûnrêst dy't dertroch ûntstien is. Neffens Schippers is net ien partij as skuldige oan te wizen. Se hat sawol de fersekerder as Sionsberg oanmoedige om der út te kommen, mar grypt sels noch net yn.
Undersyk
De minister lit de Nederlânske Soarchautoriteit wol ûndersykje oft der knipepunten ûntstean kinne by de levering fan soarch.