Belvédère ferkeapet keunst om harsels te rêden

19 sep 2016 - 10:44

Museum Belvédère organisearret fan kommende freed oant en mei 20 oktober in tentoanstelling mei feiling fan 130 keunstwurken. De opbringst is foar it grutste part bedoeld foar it museum sels. It museum krijt gjin subsydzje en hat dêrom alle jierren in finansjeel tekoart. De dielnimmers oan de eksposysje steane it grutste diel fan de opbringst ôf oan it museum. Se hawwe allegearre spesjaal foar de eksposysje in keunstwurk makke, wêrby't se harren ynspirearje litten hawwe troch it wurk ''Slootje met overhangende dopheide'' fan Jan Mankes.

De eksposysje, dêr't ek learlingen fan it Bornego Kolleezje en kliïnten fan Talant en Wil oan meidogge, is tagelyk in oade oan Mankes.

Trefwurden: 
Museum Belvédère
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)