Berneboargemaster yn aksje tsjin pesten yn Dongeradiel

19 sep 2016 - 09:54

Berneboargemaster Chloë Monsma iepenet moandei op har âlde basisskoalle de alderearste antipest-wike fan Dongeradiel. Chloë is no ien jier berneboargemaster en makket har hurd tsjin pesten yn it ûnderwiis. Op de basisskoallen yn de gemeenten wurdt dizze wike dan ek ekstra omtinken jûn oan pesten. Sa sil Chloë ek noch in besitte bringe oan de oare basisskoallen en wurde der spesjale earmbantsjes mei it opskrift 'Pesten nee bedankt' útdielt.

Freondinnen

Chloë is sels nea pesten, mar krige der wol in protte fan mei yn har omjouwing: "Al mijn vriendinnen werden gepest. Ik ben er toen wel mee naar mijn juf gegaan, en ik heb het gezegd tegen de pesters. Soms hielp dat wel, en soms ook niet." Nei't Chloë de pesterijen meld hie by de skoalle, hat dy neffens har hurd oan it wurk west om it pesten in halt ta te roppen: "wij kregen zelfs ervaringsdeskundigen op bezoek die ons hielpen."

Sport

Ien fan de aktiviteiten dy't dizze wike noch op oare basisskoallen organisearre wurdt is in sportdei. Sporten liket in goed middel te wêzen tsjin pesten, om't de bern dan yn in groep mei-inoar dwaande binne. Soks kin soargje foar in goed groepsgefoel dat pesten wer foarkomme kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)