Wrâldrekôr bibelfoarlêzen ferbrutsen op It Hearrenfean

19 sep 2016 - 09:09
  • Bibel (stockfoto)

It sit der op, de bibellêsmaraton yn de Trinitastsjerke op It Hearrenfean. Hûndert oeren is nonstop troch leafhawwers út de bibel lêzen en dêrmei is it âlde rekôr út Heerlen fan njoggentich oeren en njoggen minuten ferbrutsen. Ferline wike woansdei waard begûn en sneintemiddei wie it klear.

De organisaasje is bliid dat it slagge is en dat der in soad positive reaksjes wiene op de bibellêsmaraton. "It 'wij-gefoel' wie hiel grut en it wie in moai spektakel. Al mei al hiel goed slagge", sa seit Sicor Smits fan de organisaasje.

Goed doel

Der is sa'n 1.300 euro ophelle mei de aksje. It jild giet nei it Nederlandse Bijbelgenootschap, dy't it brûke sil om wrâldwiid bibels beskikber te stellen yn de taal fan it lân.

Foarearst komt der net wer in foarlêsmaraton. "Ik hie fannemoarn wol wat muoite om út bêd te kommen en dat komt fansels troch dy 100 drege oeren. Maar it wie hiel moai en posityf om te dwaan. Ik haw it der graach foar oer", sa seit Smits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)