Kollum: "Bernich ûnderwiis"

19 sep 2016 - 08:28

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Ofrûne wike wie 't wer safier: ús aldertûkste steatssekretaris kaam mei in geniaal proefballontsje. Sander Dekker fynt dat ús kleuters te faak in jier trochkleuterje. Of beukers moat ik eins sizze. Want kleuter is yn it Frysk beuker. Ik tink by beuker fuort oan Harry Potter en syn zwerkbal, mar toe mar wer.

Us Hollânske beukers dogge te faak groep 2 nochris oer. Dêrmei ha wy it heechste oantal 'sittenbliuwers' yn groep 2 en dat kin fansels net. Want yn Nederlân rinne wy foarop as it om ûnderwiis giet. Alteast, dat tinkt Sander. En dus moat der yn groep 2 ‘schoolser’ les jûn wurde.

Kollega Willem Schoorstra liet him yn syn kollums ek al twa kear út oer it ûnderwiis hjir yn Nederlân. Dat kin oars en dat moat better, fynt er. As foarbyld neamt er Finlân, dêr't bern pas ferplichte nei skoalle gean as se sân jier binne. Dêrfoar meie se boartsje en beukerje safolle as se wolle. Want boartsjen is de basis fan it lettere learen. Lis dêr Sander syn proefballontsje efkes njonken en sykje de ferskillen.

Fansels moat ûnderwiis mei syn tiid meigean. Dat snap ik ek wol. De wrâld om ús hinne feroaret alle dagen en dus moat ek it ûnderwiis him kontinu oanpasse. Mar ik fyn dat der te faak mei in beskuldigjend fingerke nei ús masters en juffen wiisd wurdt. Bern kinne net mear goed rekkenje, it lêzen giet achterút, bern binne net konsintrearre genôch en gjin groep 8’er dy't noch wit wêr't Noard- en Súd-Korea lizze.

Mar wa syn skuld is dat? Leit dat allegear oan ús ûnderwiis of ha heiten en memmen dêr ek in eigen ferantwurdlikheid yn? As bern thús net motivearre wurde om in boek te pakken, om grammatika te learen of topografy, dan ûntbrekt simpelwei de basis. Dan kinst op skoalle as dosint noch sa hurd dyn bêst dwaan, mar dan hat it net folle sin.

It twadde probleem is neffens my dat ús ûnderwiis te prestaasjegericht wurden is. Ferline jier - krekt foar't de Cito-toetsen wer begûnen - seach ik de prachtige 2Doc-dokumintêre Citostress. Yn dizze doku waarden learkrêften, bern en âlders fan twa groepen 8 folge op in 'wite’ skoalle en in 'swarte' skoalle yn Rotterdam. Op de wite skoalle holden de heiten en memmen de prestaasjes fan harren bern angstfallich yn de gaten. Op de swarte skoalle lieten âlders it advys foar it ferfolchûnderwiis ôfhingje fan miening fan de learkrêft.

De doku liet sjen hoe’t alles tsjintwurdich ôfhinget fan prestaasjes. Seker yn groep 8 is dat iene momint letterlik fan libbensbelang: de Citotoets bepaalt dyn takomst. En dus binne der bern dy't moannen fan tefoaren al bylessen krije, dei yn dei út thús oefenje, en op in spesjale Cito-kursus sitte om mar sa heech mooglik te skoaren. Ek foar de skoallen is in goede Cito-skoare fan grut belang, want dêr sjocht de ynspeksje wer nei. Hoe mear VWO-trochstreamers, hoe better. Allinnich sifers telle noch.

En no docht út dy sifers dus bliken dat ús Hollânske beukers it faakst sitten bliuwe. Skrik by Sander, dy’t as wûnderbern groep 1 en 2 fêst en seker oerslein hat en fuort ynstreame koe as 6-jierrich jonkje yn groep 5. Dy’t yn plak fan in boekje oer Jentsje yn de lêshoeke leaver de ensyklopedy trochbleddere. Dy’t yn de bouhoeke alfêst útrekke wat de uterste hellingsgraad fan syn blokketoer wurde koe, foardat er begong te steapeljen.  

Mar Sander, lang net alle beukers binne sa heechgaafd. Der sitte bern tusken dy’t mei dat ekstra jier presys de tiid krije dy’t se noadich ha om klear te wêzen foar groep 3. Dy’t ferfolgens krekt lyk as alle oare bern in pracht fan in skoalkarriêre temjitte gean. En wêr’t gjin kop oait letter noch tsjin sizze sil: “Hé, mar hasto net in jier langer by de beukers sitten? Ja hè? No, dan nimme we dy net oan. Want wy sykje allinnich mar personiel dat uterlik twa jier beukere hat.”

Myn advys? Sander moat sels op 'e nij de skoalbankjes yn. Gewoan in wike meirinne yn in kleuterklasse. Yn plak fan siferkes út in rapport te bestudearjen, kin er dan mei eigen eagen sjen dat ús ûnderwiis wier net sa ‘bernich’ is."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)