Drankrider oppakt yn Ljouwert
De plysje yn Ljouwert hat moandeitemoarn betiid in 53-jierrige drankrider út de stêd oanhâlden. De man waard op de Wismastate oan de kant set. De Ljouwerter krige in rydferbod foar fjouwer oeren en in boete fan 425 euro. Dêrneist moat er in kursus folgje oer wat alkohol mei in bestjoerder docht.