Auto's swier skansearre nei botsing yn Feanwâlden

19 sep 2016 - 06:20
  • Ungelok op de krusing fan de Rûnwei mei de Stasjonswei yn Feanwâlden

By in ûngelok op de krusing fan de Rûnwei mei de Stasjonswei yn Feanwâlden binne sneintejûn twa auto's swier skansearre rekke. It is net bekend oft der ek minsken ferwûne rekke binne by de hurde klap.

It ûngelok ûntstie doe't in bestjoerder de Rûnwei oerstekke woe en dêrby de twadde auto oer de holle seach. De ynsittenden fan beide auto's binne troch meiwurkers fan de ambulânse kontrolearre. In bergingsbedriuw hat de beide auto's fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)