Ferkiezing streekboer fan it jier 2016

18 sep 2016 - 22:30

De ferkiezing foar de streekboer fan it jier is los. Streekboeren ferkeapje harren produkten direkt en binnen in straal fan 50 km fan de pleats. De ferkiezing is in inisjatyf fan De Streekboer, in site dêr't minsken produkten direkt by de boer bestelle kinne.

De organisaasje achter de site wol konsuminten better ynsjoch jaan yn it wurk fan boeren yn de omkriten. En foar boeren sels is net altyd maklik om klanten te finen foar harren produkten. Der kin in moanne lang stimd wurde op www.destreekboer.nl.

Trefwurden: 
streekboer ferkiezing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)