"Minsken yn de war moatte garandearre help krije"

18 sep 2016 - 22:02

Minsken dy't yn de war binne, moatte der wis fan wêze dat se help krije. Dat fynt D66 yn de gemeente Ljouwert. De plysje hat oankundige op te hâlden mei it ferfier en de opfang fan minsken dy't fan 't sintrum binne. Reden dêrfoar is dat sokke minsken soarch nedich binne.

D66 Ljouwert sjocht de plysje-oprop as in sinjaal. Se fine dat de soarch foar minsken dy't akút help nedich binne, garandearre wurde moat. Fraksjefoarsitter Hilde Tjeerdema hat it kolleezje fan b. en w. frege ôfspraken te meitsjen mei de plysje oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)