Dielnimmers Eneco Tour farre yn iepen boat troch Boalsert

18 sep 2016 - 19:07

De dielnimmers foar de Eneco Tour binne snein yn in iepen boat presintearre oan it publyk yn Boalsert. De stêd is moandei it plak dêr't de Nederlânsk-Belgyske wedstriid fan start giet, om op 25 septimber te einigjen op de Muur van Geraardsbergen yn België.

Der wiene snein in soad hurdfytstoppers yn Boalsert. Alexander Kristoff, Peter Sagan, John Degenkolb, Nacer Bouhanni, Tom Boonen en Tom Dumoulin dogge mei oan de Tour. Dielname is benammen ynteressant foar sprinters dy't de flakke Eneco Tour as goede tarieding sjogge op it WK yn Katar.

Stephan Rekker fan de organisaasje yn Boalsert is tefreden: "It is fantastysk, it waar is goed, al dy ploegen dy't der binne. De stêd is no al hielendal fol. Wat wol in minsk noch mear."

Brân

Yn Boalsert wie sneon in grutte brân yn in fytsesaak. "Wy binne enoarm skrokken fan de brân en libje dan ek mei mei de eigener fan de saak", sa sei Rekker.

184 km

De hurdfytsers starte moandei foar in etappe fan 184,7 kilometer yn Boalsert. Se sille dêr ek finishe. De rûte giet oer Snits, Sleat, Starum, Warkum, Wommels en Wytmarsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)