Jacob Folkerts preket foar it earst yn Betheltsjerke

18 sep 2016 - 18:41
  • Jacob Folkerts preket foar it earst yn de Betheltsjerke
  • Jacob Folkerts en Orlando Bottenbley

De 33-jierrige Jacob Folkerts is sûnt snein de nije predikant fan de baptistegemeente yn Drachten. Goed 4000 minsken kamen yn twa earetsjinsten op de ynseiniging yn de Betheltsjerke ôf. Folkerts waard ynseinige troch Orlando Bottenbley dy't de baptisten hast 30 jier laat hat. De gemeente is yn dy tiid útgroeid fan 60 nei goed 3000 leden, bern ûnder de 15 jier net meirekkene.

Folkerts stie hjirfoar op Teksel dêr't er predikant wie fan de folle lytsere baptistegemeente. Hy seit dat it fak fan predikant gjin ambysje is, mar in ropping.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)