Paralympyske Spelen ôfsletten yn Rio

Alyda Norbruis mei har gouden medalje yn Rio © ANP
De Paralympyske Spelen yn Rio binne sneintejûn offisjeel ôfsletten. Nei tolve dagen sport waard de paralympyske flam dôve. By de slutingsseremoanje droech Alyda Norbruis út Oerterp de Nederlânske flagge troch it stadion.
It wiene súksesfolle Spelen foar de Fryske paralympiërs. Der waarden fiif gouden, trije sulveren en fiif brûnzen medaljes helle. As Fryslân selsstannich meidien hie oan de Paralympyske Spelen, dan wie it op it 25e plak einige, krekt boppe België.
Nederlân einige yn it klassemint op it sânde plak, mei yn totaal 62 medaljes. De 17 gouden, 19 sulveren en 26 brûnzen plakken wiene in ferbettering fan London 2012, doe't 39 medaljes helle waarden. Sina stiet yn it medaljeklassemint royaal boppe-oan. It lân wûn yn totaal 239 medaljes, wêrfan 107 gouden plakken.
De Fryske medaljewinners:
Liesette Bruinsma, 2 goud, 1 sulver, 2 brûns
goud: 200 meter wikselslach, 400 meter frij
sulver: 100 meter skoalslach
brûns : 50 meter frije slach, 100 meter frije slach
Alyda Norbruis, 2 goud, 1 brûns
goud: 20 km tiidrit op 'e dyk, 500 meter tiidrit op de baan
brûns: 3 km efterfolging op de baan
Tristan Bangma, 1 goud (1 km tiidrit op de baan)
Rixt van der Horst, 1 sulver, 2 brûns
sulver: kuer op muzyk
brûns: yndividuele dressuerproef, lanneteam dressuerproef
Olivier van de Voort, 1 sulver (100 meter rêchslach)
De oare Fryske sporters dy't meidiene wiene Sandra Nap (silen), Teddy Witjes en Stefan Boersma (CP fuotbal).
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.