Maria wurdt troch it sintrum fan Ljouwert droegen

18 sep 2016 - 16:33

Katolyk Ljouwert lit him snein sjen op in prosesje troch de stêd. It is foar de tredde kear dat soks bart. De tocht giet fan de Bonifatiustsjerke nei de Dominicustsjerke. It houten byld fan Maria dat meidroegen wurdt, stamt út 1510. Oan it byld wurdt genêskrêftige wurking taskreaun.

De prosesje yn Ljouwert wurdt ien kear yn de trije jier hâlden. In orkest út Roermond rint mei yn de stoet. De prosesje stiet stil by de Aldehou om te sjongen.

It Oudste Harmonieorkest út Roermond joech noch sneon in konsert by it Poptaslot yn Marsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)