VV Hearrenfean it skip yn tsjin JOS Watergraafsmeer

VV Hearrenfean hat op besite yn Amsterdam by JOS Watergraafsmeer mei 3-1 ferlern. De Amsterdammers wienen de boppelizzende partij en kamen yn de earste helte al gau op in 2-0 foarsprong. Nei it skoft seach de ploech fan trainer Marcel Valk tsjin in 3-0 efterstân oan. Pas yn de einfaze dienen de Feansters wat werom, Jasper Brouwer tekene foar de 3-1.
VV Hearrenfean stiet no op it 12e plak yn de sneinshaadklasse A, mei fjouwer punten út fiif wedstriden.