Snits Wyt Swart docht prima saken

Snits Wyt Swart hat prima saken dien yn de sneinshaadklasse A. Op it eigen sportpark waard SJC mei romme sifers ferslein: 4-0. Dat it sa'n maklike middei wêze soe foar Snits Wyt Swart die noch net bliken nei de earste 45 minuten. Beide teams gongen de klaaikeamers yn mei in 0-0 rêststân. Krekt nei de tee kopte Age Hains Boersma de Snitsers op foarsprong.
By de gasten út Noordwyk wie doe it ferset wol brutsen, Age Hains Boersma ferdûbele yn de 66e minút de skoare nei in foarset fan Freerk de Jong. Nei in grouwe flater fan doelman Schelvis fan SJC koe Boersma syn ûnferfalske hattrick meitsje: 3-0. Yn de einfaze fan de wedstriid sette De Jong de 4-0 einstân op it boerd.
Troch de oerwinning stiet de ploech fan trainer Berry Zandink no tredde mei 10 punten út fiif wedstriden.