Man mei trije messen arrestearre yn Ljouwerter wyk Bilgaard

(stockfoto) © ANP XTRA
Yn Ljouwert is sneintemoarn om sawat healwei tolven in man oanhâlden op de Brandemeer yn de wyk Bilgaard. De pysje hie in melding krige oer de man. De man hie trije messen by him. Dy binne yn beslach naam. Der is ek proses-ferbaal opmakke. Boppedat die bliken dat de man noch seis dagen sitte moat.
In dei earder waard op de Foarstreek yn it sintrum fan Ljouwert in man oppakt dy't noch 35 dagen finzenisstraf útsitte moast. De 29-jierrige Ljouwerter waard socht foar ynbraak yn in bedriuw. Kollega's seagen him en warskôgen de plysje.