816 keatsers aktyf op Wylde Kippetjespartij

Mar leafst 816 keatsers yn 272 partoeren hawwe sneintemiddei meidien oan de Wylde Kippetjespartij yn Winsum. Dat is in frijeformaasjepartij foar elkenien. Johannes Boersma fan de organisaasje is tefreden oer it ferrin fan it grutte keatsevenemint.
De namme 'Wylde Kippetjes' is in ferwizing nei de beferzen hinnen dy't eartiids as keatspriis útrikt waarden. Guon keatsers kamen snein sels ferklaaid as pyk of hin.
Anne Monfils, Pytrik de Groot en Marit Zeinstra wiene de bêste froulju fan de partij. It partuer Hilbrand Smid, René Anema en Thomas van Zuiden wûn by de manlju.