Omrop TIP: Simmerkonsert Noard-Nederlânsk Orkest

18 sep 2016 - 15:29

It Noard-Nederlânsk Orkest is sneintejûn op Omrop Fryslân Telefyzje te sjen mei in simmerkonsert. Lokaasje fan it konsert is de tún fan hotel-restaurant Lauswolt yn Beetstersweach. It begjint om 20.00 oere.

Te hearren binne ûnder oare aria's út opera's fan Rossini en Bizet, en de Sabeldans. Nei it skoft spilet de Fryske saksefoniste Femke IJlstra mei it NNO ûnder oare Girl van Ipanema en An Englishman in New York.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)