Brân yn klupgebou VV Balk soarget foar soad skea

18 sep 2016 - 13:33
  • It klupgebou vv Balk hat in soad skea oprûn troch de brân

In koarte, mar fûle brân hat sneintemoarn fuotbalklup VV Balk troffen. De brân waard by tafal ûntdutsen doe't de materiaalman fan de feriening foar ûnderhâld by it gebou oankaam. Dy seach reek út de meterkast kommen. Neffens de klup is troch fluch yngripen fan de brânwacht in gruttere brân foarkommen. Wol is der grutte skea oan de keuken en it dak.

De ferwachting is dat it folsleine gebou de kommende wike net tagonklik is. Trainingen by de sneons-earsteklaser kinne wol trochgean, al wurde de fuotballers oproppen thús om te klaaien en te dûsen en moat besjoen wurde oft de ljochtynstallaasje noch wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)