Jurgen Streppel: "Dit belooft wat"

SC Hearrenfean wûn sneontejûn foar de tredde kear op rige. Roda JC waard yn Kerkrade mei 3-0 oan de kant skood en dat betsjutte de earste útoerwinning fan dit seizoen foar de Feansters.
Trainer Jurgen Streppel is tige bliid mei dizze moaie searje. "We zijn hier heel erg blij mee, zeker als je weet waar we vandaan komen. Als je ziet hoeveel swung erin zit; ik heb de jongens een groot compliment gegeven. Dit belooft wel wat", seit Streppel.
Kontrôle
Dochs is er ek kritysk. Streppel hie graach mear kontrôle oer de wedstriid hawwe wollen. Hearrenfean hie in fjildoerwicht troch de twa reade kaarten foar Roda yn de earste helte, mar koe de wedstriid net kontrolearje. "We moeten daar volwassener in worden", fynt de trainer. "Nu win je gemakkelijk omdat zij negen man hebben, maar dat heb ik ook graag als zij met elf man zijn."
Haadrol skiedsrjochter
Skiedsrjochter Bas Nijhuis easke in haadrol op yn Kerkrade. Hy stjoerde yn totaal trije spilers fan it fjild. Yn de earste helte moasten Roda-spilers Abdul Ajagun en Chris Kum fan it fjild. Yn de twadde helte waard ek Hearrenfean-spiler Shay Facey nei de klaaikeamer stjoerd. It publyk wie razend oer de beslissing fan de skiedsrjochter en liet dat merke troch middel fan sprekkoaren. De stadionomropper moast it publyk fiif kear oproppe om rêstich te bliuwen.
Stijn Schaars
Oanfierder Stijn Schaars kin de lilke reaksje fan it thúspublyk wol begripe, hoewol't hy sels net in soad meikrige fan de opskuor om de reade kaarten. "Ik heb dat niet meegekregen en heb me niet beziggehouden met het publiek. Ik kan me de woede van de supporters wel voorstellen, aan de andere kant moet je ook goed kijken wat de spelers zelf doen", sa seit Schaars.
SC Hearrenfean stiet troch de oerwinning op in foarlopich tredde plak yn de Earedifyzje mei 11 punten út seis wedstriden.