Omrop TIP: Muzykterapy foar minsken mei dementins

Muzykterapy © Omrop Fryslân - Aukje de Hoop
Muzyk makket fleurich, kin ûntspanne, jout treast en bringt herinnerings werom. Koartsein: muzyk rekket ús. By muzykterapy wurdt hjir gebrûk fan makke.
Minsken mei demintens kinne in soad profyt ha fan muzykterapy. "Bij dementerenden neemt vaak de spraak af. Door samen te luisteren naar muziek, en zo mogelijk samen te zingen, wordt er contact gemaakt." Mariska de Vries jout muzykterapy oan deminterende âlderen yn Bennemastate yn Hurdegaryp. By muzykterapy wurdt muzyk ynset, bygelyks om minsken rêstiger te meitsjen, of krekt te aktivearjen.
Mei-inoar sjonge
Minsken dy't lêst ha fan in depresje of apatysk wurde kinne baat ha by groepsterapy. Mei syn allen sjonge bringt ferbining en lit it ferskil tusken minsken (al as net demintearjend) ferdwine. Ferskes fan eartiids bringe herinnerings werom dy't minsken yn in goeie sfear bringe. In sfear dy't de rest fan de dei meinommen wurdt. Boppedat fynt Mariska: "Door middel van muziekterapie is het mogelijk de mens achter de dementie naar voren te krijgen. Als je daar een glimp van op mag vangen dat vind ik enorm waardevol."
Boekje mei âlde ferskes
Mariska wurket oan in projekt om muzyk yn alle húskeamers fan Bennemstate te krijen. Mei in kollega ûntwikkelet se in boekje mei âlde ferskes, oanknopingspunten foar petearkes oer it liet, in CD en ienfâldige muzyk foar gitaar. Takom jier moat it klear wêze.
Buro de Vries mocht by in groepssessy muzykterapy wêze.