Alyda Norbruis flaggedraachster by slutingsseremoanje Rio

18 sep 2016 - 09:16

Hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp draacht sneintejûn de Nederlânske flagge by de slutingsseremoanje fan de Paralympyske Spelen yn it Olympysk Stadion yn Rio. Dat hat chef de mission André Cats sneontenacht (lokale tiid) bekendmakke by it slutingsfeest fan TeamNL. Norbruis wûn by de Spelen twa kear goud en ien kear brûns. Cats priizget Alyda har 'grote drive en ijzersterk karakter'.

Cats: "Ze is een ware ambassadeur van de paralympische sport, vooral ook in haar thuisprovincie Friesland. In haar voetsporen zijn verschillende andere sporters gemotiveerd geraakt om paralympische sport te bedrijven."

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)