Grutte brân by fiskhannel Lauwerseach

18 sep 2016 - 07:55

By fiskhannel Louw Spijkerman yn de haven fan Lauwerseach hat sneontenacht in grutte brân west. Meardere brânwachtkorpsen waarden oproppen om it fjoer te bestriden. By de brân kaam in protte reek frij en omwenners waarden oproppen om doarren en ruten ticht te hâlden. De brânwachtkorpsen fan Zoutkamp, Zuidhorn, Eanjum en Dokkum hiene it fjoer gau ûnder kontrôle.

It is noch net bekend hoe grut de skea oan de fiskhannel is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)