Sandra Nap einiget úteinlik op sânde plak yn klassemint
Sylster Sandra Nap is sneon achtste wurden yn de lêste race op de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Yn it einklassemint bliuwt se dêrmei op it sânde plak stean. Nap kaam tegearre mei Rolf Schrama út yn de klasse Skud18.
Liesl Tesch út Australië hat tegearre mei har sylmaat Daniel Fitzgibbon wûn yn dizze klasse. Fan de alve races wisten se acht te winnen.
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.