LDODK wint noardlike derby tsjin DOS '46 mei 22-18

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn op 'e Gordyk de noardlike twastriid tsjin DOS '46 út Nijeveen (Drinte) wûn mei 22-18.It wie de tredde oerwinning fan LDODK op rige. De Gordyksters gean oan kop yn de eareklasse A.
By it skoft stie de ploech fan trainer Erik Wolsink mei 11-8 foar, nei earst tsjin in achterstân fan 7-8 oansjoen te hawwen. Yn de twadde helte kaam de foarsprong sels op fiif punten ferskil. DOS'46 kaam werom nei 20-17, mar it wie LDODK dat yn de slotfaze de einstân op 22-18 sette.
Topskoarders fan de wedstriid wiene de bruorren Erwin en André Zwart mei elk fjouwer treffers.
Der moat noch ien wedstriid spile wurde yn dizze eareklasse op it fjild. Dêrnei wurdt yn oktober it Europeesk kampioenskip hâlden. Dat sil wêze yn Dordrecht. Dêroan dogge trije spiler fan LDODK mei: Erwin Zwart, Friso Boode en Marjolijn Kroon. Nei it EK begjint dan de sealkompetysje.