SC Hearrenfean wint fan Roda JC nei trije reade kaarten

17 sep 2016 - 21:41

Yn in rûzige wedstriid hat SC Hearrenfean sneontejûn de earste útoerwinning fan it seizoen pakt troch mei 3-0 fan Roda JC te winnen. Nei acht minuten kaam de ploech fan Jurgen Streppel op foarsprong troch in frije traap fan Sam Larsson. Roda JC kaam noch foar de rêst mei njoggen man op it fjid te stean troch twa reade kaarten. 

Yn de twadde helte namen de Feansters ôfstân. Henk Veerman skoarde de 2-0. En nei in reade kaart foar Shay Facey, makke Hearrenfean mei tsien man de 3-0 troch in goal fan Arber Zeneli.

Sprekkoaren

De earste helte waard bedoarn troch sprekkoaren fan it publyk yn Kerkrade. Dy wiene rjochte oan it adres fan skiedsrjochter Bas Nijhuis, dy't Roda-spilers Abdul Ajagun en Chris Kum fan it field stjoerde.

Twadde helte

Nettsjinsteande de man-mear-situaasje koene de Feansters de wedstriid net gau beslisse. It duorre oant de 68e minút foardat Henk Veerman de 2-0 makke. Shay Facey pakte yn de 75e minút in twadde giele kaart en koe ek foartidich nei de klaaikeamer. It hie gjin gefolgen, want Arber Zeneli makke yn de 76e minút de 0-3 mei in skot fan bûten it strafskopgebiet.

De folgjende wedstriid fan SC Hearrenfean is de bekerwedstriid tsjin De Graafschap, kommende tiisdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)