UPDATE: Brân yn Boalsert ûnder kontrôle

De brân yn Boalsert is ûnder kontrôle. De brân yn in fytsesaak mei wenromte dêrboppe oan de Skilwyk bruts sneon oan it begjin fan de jûn út. Omdat it gebou yn it sintrum stiet, skaalde de brânwacht op nei grutte brân. Omwenners moasten doarren en ruten slute.
Der wiene gjin minsken yn it troffen gebou. Trije minsken dy't reek ynaseme hiene, binne ûndersocht troch ambulânsepersoniel.  De gebouwen dy't grinzje oan de fytsesaak binne ûntromme. Se wurde troch de brânwacht kontrolearre.
De oarsaak fan de brân is noch net bekend. Der is gjin ynstoartingsgefaar yn it troffen gebou, lit  de gemeente Súdwest-Fryslân witte. De brân hat gjin gefolgen foar de earste etappe fan de Enecotour dy't moandei yn Boalsert hâlden wurdt.
De brânwacht wie oanwêzich mei trije spuitauto's en de twa heechwurkers. De blusgroepen fan Boalsert, Snits, Wytmarsum, Parregea en Wommels hawwe de brân bestriden.