Daniël Iseger is útkeatst

17 sep 2016 - 18:51
  • Daniël Iseger nimt ôfskied fan de keatserij

Keatser Daniël Iseger is útkeatst. Dêrmei komt der in ein oan syn lange keatskarriêre. Sneon kaam er noch ien kear yn aksje op de Aldehoupartij yn Ljouwert. It applaus op LKC Sonnenborgh wie grut doe't er der yn de twadde omloop ôf slein waard troch it partoer fan Tjisse Steenstra, Pier Piersma en Hendrik Kootstra. Se wûnen mei 5-3 en 6-2.

Yn de earste omloop soarge Iseger noch foar in stunt troch te winnen fan it partoer fan syn maat, Gert-Anne van der Bos. Njonken Iseger namen ek Jan Dirk de Groot en Johan van der Meulen ôfskie. By de froulju wienen der triennen by Sjoukje Visser fan Damwâld. Ek sy hinget de keatswant oan de wylgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)