Partuer fan Johan van der Meulen wint Aldehoupartij

Johan van der Meulen, Dylan Drent en Hylke Bruinsma binne sneon winner wurden fan de 103e edysje fan de Aldehoupartij. Yn de finale wiene it trijetal mei 5-4 en 6-4 te sterk foar Jan Dirk de Groot, Michel van der Veen en Hans Wassenaar. De lytse preemje wie foar Tjisse Steenstra, Pier Piersma en Hendrik Kootstra. Yn de heale finale gongen se mei 5-4 en 6-0 ûnderút tsjin Van der Meulen en-dy.
De 103e edysje wie foar in soad keatsers de lêste partij fan harren karriêre. Daniël Iseger, Jan Dirk de Groot en Johan van der Meulen namen ôfskied.
De Aldehoupartij is de lêste partij fan it seizoen.