Hamersma en Wassink winne triatlon op It Amelân

17 sep 2016 - 18:22
  • Winner Mark Hamersma
  • (argyffoto Tri-Ambla)

Mark Hamersma en Sandra Wassink hawwe sneon de fyftjinde Tri-Ambla op It Amelân wûn. De omstannichheden wiene goed, al soarge it drûge waar fan de lêste tiid wol foar tige sânige en stoffige parkoersen. De dielnimmers moasten 1500 meter swimme yn de Waadsee, 35 kilometer crosscountry-fytse en 12 kilometer hurdrinne. Wassink hat de Tri-Ambla al twa kear earder wûn.

Olympysk sylster Marit Bouwmeester die ek mei oan de Tri-Ambla, mar dan wol yn in team. Sy hat fytst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)