Kuorballers fan SCO Aldeholtpea winne fan Unitas Hurderwyk

SCO-Unitas © PEEM Media
De kuorballers fan SCO hawwe sneon mei 28-23 fan Unitas wûn. Thús yn Aldeholtpea rûn SCO yn de earste helte ienfâldich út nei in 9-2 foarsprong. De gasten út Hurderwyk kamen lykwols knap werom. By rêst stie der in 14-10 stân op it boerd yn it foardiel fan SCO.
Yn de twadde helte rûn de ploech fan trainer Aegle Frieswyk op 'e nij út nei in noflike foarsprong: 27-20. Dizze kear slaggen de gasten út Hurderwyk der net yn it noch spannend te meitsjen.