ONS wit foarsprong net fêst te hâlden: 3-3 tsjin VVOG

ONS Boso Snits spile sneon mei 3-3 lyk by VVOG. Yn Hurderwyk soarge Martijn Roosenburg foar de Snitser iepeningstreffer, wêrnei't Rein Werumeus Buning de foarsprong útwreide nei 2-0. Nei't Curty Gonzales ûnderút helle waard, fersulvere Yumé Ramos de strafskop: in 3-0 foarsprong foar de Snitsers.
Yn de twadde helte liet de ploech fan trainer Richard Karrenbelt VVOG werom yn de wedstriid komme mei twa treffers: 2-3. ONS wist de lytse foarsprong noch lang fêst te hâlden, mar yn ekstra tiid kaam VVOG op likense hichte.