Fjirde ferlies op rige foar Harkemase Boys

17 sep 2016 - 16:39
  • Oebele Schokker hat de 1-0 makke
  • De 1-2: Jesse Renken fan de Boys baalt
  • Trainer Henk Herder

Harkemase Boys gong sneon mei 5-1 ûnderút tsjin DVS '33. Op eigen fjild tekene Oebele Schokker al nei 5 minuten foar de iepeningstreffer. De gasten út Ermelo lieten de kop lykwols net hingje en soargen nei in kertier foar de 1-1. Fuort dêrnei foel der op 'e nij in doelpunt en kaam DVS '33 op foarsprong.

Nei rêst makken de gasten rap de tredde en smieten dêrmei de wedstriid yn it slot. De kriich wie fuort by de ploech fan trainer Henk Herder, dy't tasjen moast hoe't de Boys foar de fjirde kear op rige ferlearen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)